Wat in middei wie it! Op freed 6 novimber fierden we by Hammerslag yn Westergeast ús 30-jierrich jubileum. Wy sjogge der mei in grutte glimk op werom.
Sûnt 1996 nimme we bern yn Dantumadiel en Noardeast-Fryslân mei nei bûten. Se ûntdekke wat der yn de sleat swimt, hokker fûgel der yn de beam sit en wêrom’t in sûne natuer ek foar harsels wichtich is. Dat wy dit al tritich jier dwaan meie, is foar ús alhielendal net fanselssprekkend.
Dêrom wiene we ekstra bliid dat der safolle minsken kamen om dit mei ús te fieren. Learkrêften, bestjoerders, riedsleden, amtners, gearwurkingspartners en fansels ús frijwilligers en projektmeiwurkers.
Ynspirearjende ferhalen
It tema fan de middei wie ‘Mei-inoar ynvestearje yn in sûne griene takomst’. Mathijs ter Bork, direkteur fan IVN Noord, fertelde wêrom’t natueredukaasje sa wichtich is foar de ûntwikkeling fan bern. Timo Roeke, wurdfierder fan Vogelbescherming, naam ús mei yn fûgelperspektyf: hoe ryk ús natuer is en foar hokker útdagingen se stiet.
Marjolein Staal sette by de paneldiskusje út hoe’t wy al tritich jier bern leare yn én oer de natuer. “Bern dy’t de natuer fan tichtby kennen leare, geane der letter ek sunich mei om. Dêr wurkje wy al tritich jier oan en dat wolle wy yn ‘e mande mei gemeenten en skoallen dwaan bliuwe.”
Us team yn it sintsje
Ek hiene we in bysûnder momint oan ‘e ein fan de middei, doe’t we ús Klysterteam yn it sintsje setten. Sûnder ús frijwilligers en projektmeiwurkers hie der gjin inkelde les of ekskurzje west. Jim entûsjasme, kennis en geduld mei al dy nijsgjirrige bern binne it hert fan De Klyster. Tankjewol!
Op nei de takomst
Wy betankje elkenien dy’t derby wie en elkenien dy’t ús troch de jierren hinne stipe hat. We sjogge út nei de folgjende tritich jier, mei noch mear bern dy’t de natuer kennen en wurdearjen leare.

