Op woansdei 4 maart hat it team fan NME De Klyster in wurkwinkel ‘bewege’ hân fan Tom van der Meer en Lolke Dijkstra fan Sport Fryslân. Sport Fryslân fiert sportbelied út foar de gemeenten Dantumadiel en Noardeast-Fryslân. Sy organisearje ûnder oare de sportdagen foar it basisûnderwiis.
Bern fan 4 oant 12 jier, soene 3 x de wike flink bewege moatte en 5 x yn ‘e wike op syn minst ien oere gewoan bewege moatte. Binnen ús gemeenten bewege minder as de helte fan dizze bern in oere deis. En dat wylst bewegen sûn is foar lichem en holle, it stimulearret it tinkfermogen en de kreativiteit en it soarget foar better sliepen.
By in ekskurzje mei de Klyster is it hearlik om efkes yn beweging te kommen mei de groep. Mei-inoar aktyf dwaande wêze makket de ûnderfining nóch leuker. Sport Fryslân hat it Klysterteam ekstra tips jûn om yn de natuerekskurzjes mear beweging ta te passen, mei orizjinele spultsjes en aktiviteiten. It wie in tige slagge middei.
Natueredukaasje en bûten bewege hearre byinoar!
Sjoch parseberjocht: NME De Klyster krijgt workshop bewegen van Sport Fryslân – RTV NOF Nieuws


