Op woansdei 23 oktober hat Berneboargemaster Lilly, fan de gemeente Dantumadiel, tegearre mei wethâlder Gerben Wiersma op wurkbesite west by NME De Klyster. Foarôfgeand oan dizze wurkbesite hawwe de Berneboargemaster en wethâlder Wiersma mei west op Klysterekskurzje. Yn dizze ekskurzje lûke de learlingen yn groepkes de natuer yn mei in rêchsek fol ûndersyksmateriaal en opdrachten dy’t alle sintugen prikkelje. De learlingen krûpe yn ‘e hûd fan de jagers en samlers en leare troch de natuer oer de skiednis fan de oertiid.
Nei efkes sjoen te hawwen by de ekskurzje, kamen Berneboargemaster Lilly en wethâlder Wiersma by de Klyster oan foar it ferfolch fan de wurkbesite. Lilly joech oan natuerles tige wichtich te finen. As se sels de kar hie, soe se alle dagen natuerles wolle op skoalle. Se makket har soargen om hoe’t we mei de ierde omgean, en joech as foarbyld de Plastic Soup en it kappen fan beammen. Lilly: ‘’Wy soene de beammen betankje moatte, foar de soerstof dy’t se ús jouwe.”
Lilly wie tige entûsjast oer de Himmeldei dy’t de Klyster fasilitearret: “Moatst earst begjinne yn dyn eigen omjouwing, foardatst de hiele wrâld better meitsje kinst.’’ Wethâlder Wiersma folle har dêrby moai oan: ‘’Feroaring begjint by dysels.”
De wurkbesite stimt hoopfol. Der is in nije, jonge generaasje fan bern dy’t har echt ynsette wolle foar de natuer en harren bêst dwaan wolle foar in griene takomst.
Ut namme fan de Klyster winskje wy har in ôfgryslik soad sukses de kommende tiid!
Sjoch ek: Werkbezoek kinderburgemeester Lilly: ‘’Iedere dag natuurles’’ – RTV NOF Nieuws