GROEP 8 FAN DE REGENBOOG HOLP MEI MEI BOU FAN IN OTTERHOLT

Dokkum, 21 oktober 2024 – Berneboargemaster Esmee Goet en har klasgenoatsjes fan CBS De Regenboog, hiene ôfrûne moandei in drok programma. Moarns krigen se in les fan ottersaakkundige Harrie Bosma en klystergids Mirja Brandorff en middeis giene se echt oan ‘e slach!

Nei de les op ‘e fyts rjochting bedriuweterrein Betterwird, dêr’t se holpen by it meitsjen fan in otterholt. Tegearre mei Harrie skepten se it sân en rjochten se it otterholt yn. En mei Mirja ûndersochten se de biodiversiteit op it terrein. Under oaren it libben yn’e sleat mei skepnetten.

Ek wethâlder Jouta en wethâlder Koonstra wiene der dy middei om wat te fertellen oer it terrein. En foaral it belang fan bioferskaat!