OFTRAAP GREIDEFUGELPROJEKT BASISONDERWIIS YN DOKKUM
Dokkum, 25 juny 2025 – Woansdei is in nij provinsjaal edukaasjeprojekt oer greidefûgels fan start gien. It projekt mei de namme ‘Greidefûgel-fan-‘e-Wike’ is ôftrape op twa basisskoallen yn Dokkum. Learlingen fan groep 7/8 fan CBS De Hoeksteen en fan groep 5 o/m 8 fan Gereformeerde Streekschool De Schakel hiene de eare om as earsten mei it projekt oan ‘e slach te gean.
De fokus fan it greidefûgelprojekt leit op de fjouwer karakteristike Nederlânske greidefûgels: de ljip, skries, strânljip en tsjirk. De oanlieding fan it edukaasjeprojekt is de alarmearjende delgong fan de greidefûgelstân yn Nederlân. Mei dit projekt wol inisjatyfnimmer natuer – en miljeuedukaasje sintrum De Klyster, mei partners provinsje Fryslân, IVN en DikGroen, bern op in boartlike en learsume wize belûke by de beskerming fan ús natuer. “Als je natuur wilt beschermen, moet je er eerst een band mee opbouwen,” sizze de inisjatyfnimmers.