Op freedtemiddei 4 april krige De Klyster it berjocht dat it Skoalmoestúnprogramma lanlike kwaliteitserkenning krigen hat. Fakorganisaasje GDO rikte it byhearrende sertifikaat út oan De Klyster.
It programma is no offisjeel erkend troch de Modelinterventie Schooltuinieren. Dat betsjut dat it folslein foldocht oan de 15 kearneleminten fan dizze wittenskiplik ûnderboude oanpak.
Alle wiken sille learlingen fan groep 6 fan fjouwer basisskoallen mei harren grientetún oan de slach. Fan siedzjen oant wjudzjen ta rispjen: se ûntdekke mei eigen hannen wêr’t har iten weikomt en leare boartsjendewei oer natuer en duorsumens. It skoaltúnprogramma draacht by oan it befoarderjen fan sûne ytgewoanten, ferbûnens mei en respekt foar de natuer en persoanlike groei en ûntwikkeling.
De Klyster hat trije moestúncoaches en in moestúnadviseur dy’t alle jierren wer fjouwer nije basisskoallen helpe en stypje by it opsetten en ynbêdzjen fan skoalmoestúnkjen. De stipe bestiet út moestúnkjen mei learlingen, mar ek út it oanfreegjen fan subsydzjes en foarljochting jaan oan direksje, learkrêften en âlden.
Op ‘e foto f.l.n.r. moestúncoach Jurjen Bylsma, moestún adviseur Joanneke Romkema, coach Bianca van Tielen, moestúncoach Bertus Volbeda
www.rtvnof.nl/landelijke-erkenning-schoolmoestuinprogramma-de-klyster/697689/