Boppeboulearlingen fan SBO De Twine en CBS Eben Haëzer út Dokkum hawwe dizze moanne holpen mei it fergrutsjen fan it bioferskaat op begraafplak It Damwâldsterreedsje yn Dokkum.
De learlingen hawwe mar leafst 800 biologyske blombollen plante yn in nij oanlein perk op dit gemeentlik begraafplak. Blêdlok, de boskanemoan, it krookje, it ayttablomke, it liderke, wylde hyasint, gêrsstjer en stjer hyasint sille yn’e iere maitiid bloeie en in fiedselboarne wêze foar ynsekten.
Ek binne der 24 nêstkasten ophongen foar de blaumies, blokmies, fjildmosk, bûnte miggefanger, skiere miggefanger, beamkrûper en grutte bûnte spjocht. Dêrneist binne der ek 2 flearmûzekasten ophongen. Dat draacht by oan it bioferskaat, en just dat soarget der foar dat it begraafplak in goed plak is foar minsken om harren dierberen yn it sin te bringen.
Jan van der Meer fersoarge op skoalle en op it plak sels, in gastles oer de kringloop fan it libben. De gastles foarmet ek in wichtich ûnderdiel fan it edukaasjeprojekt “Biodiversiteit op Begraafplaatsen” fan De Klyster. Projektkoördinator Jan Tiede Bouma fan De Klyster begeliede de biodiversiteitsaksje tegearre mei Theo van der Horn en kollega’s fan de gemeente Noardeast Fryslân. It projekt krige fan de skoallen in dikke 10 en de kommende jierren sille alle gemeentlike begraafplakken mei help fan learlingen mear-biodivers makke wurde.