FEANWALDEN – Hast fyftich bern út de gemeente Dantumadiel hawwe moandei mei wethâlder Kees Wielstra fan Dantumadiel beammen plante yn Feanwâlden. De Beamfeestdei, organisearre troch NME De Klyster, hie as doel, bern bewust te meitsjen fan it belang fan beammen en bioferskaat.
De dei begûn mei in gastles op OBS Dr. Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden. Dêr learden de bern oer de rol fan beammen yn it miljeu en harren bydrage oan in sûn bioferskaat. Dêrnei giene de bern tegearre mei de wethâlder oan ‘e slach yn it Spoorpark yn Feanwâlden, dêr’t sy de beammen sels plantsje mochten. De learlingen plantten ek noch biologyske bollen yn de beamspegel en krigen fan de gemeente Dantumadiel ek in pûdsje bollen mei om thús te plantsjen.
Projektkoördinator Yvonne de Beer fan De Klyster organisearre dizze dei en traktearre oan ‘e ein op in appel (in sûn kadootsje fan in beam).
Foto Koos Scherjon