BOERUM 18 novimber 2024 – Foar de 19e kear organisearre De Klyster de Beamfeestdei foar de gemeente Noardeast-Fryslân. Learlingen fan CBS Op de Hoogte út Boerum giene dit kear beammen plantsjen.

De Klyster fersoarge earst in gastles om de bern wat by te bringen oer it nut fan beammen en wêrom’t dit wichtich is foar it bioferskaat. Troch beammen te plantsjen, fergriene de bern net allinnich harren eigen doarpen, mar ek de direkte leefomjouwing.

Wethâlder Hanneke Jouta wiist mei klam op it belang dat bern hjirby belutsen wurde: “It is wichtich dat bern harren bewust wurde fan it belang fan bioferskaat, sadat se dit ek foar de rest fan harren libben meinimme.”

Projektkoördinator Yvonne de Beer fan De Klyster organisearre de dei en traktearre de groep ta beslút op in apel (in frucht dy’t in beam ús jout). Fan de gemeente Noardeast-Fryslân krigen de learlingen in pûdsje biologysk blomsied mei nei hûs.

Omrop Fryslân ynterviewde Yvonne op radio en RTV-NOF makke in moaie fideo-opname fan dizze slagge dei.

Foto: Sake Beerstra