Kollumersweach, 11 septimber 2023 – Dit jier bestiet it edukaasjeprojekt Noardlike Fryske Wâlden, takomst foar in unyk lânskip 15 jier. Troch dit projekt leare bern oer it prachtige nasjonaal lânskip de Noardlike Fryske Wâlden wêr’t se yn wenjen én wat der nedich is om dit unike lânskip te behâlden. Tidens in fjildwurkdei helpe de bern elts jier de boeren bij it ûnderhâld fan de elzensingels. Fierder leare de bern oer de bisûndere natoerwearden yn it ‘coulissenlandschap’ en dat se grutsk wêze meie dat se Wâldpiken binne.
Wethâlder Aant-Jelle Soepboer hat de earste projektdei fan dit jubileumjier iepene bij boer Jan Brandsma fan Kollumersweach dy’t al 15 jier meidocht oan it projekt. De wethâlder ûnderstreke it grutte belang fan edukaasje foar it behâld fan de Noardlike Fryske Wâlden.
Tsjin de bern fan de Bernardskoalle út Kollum sei Soepboer yn syn iepeningstaspraak: “Ik fyn it prachtich dat jimme de boer hjoed helpe en sa de wearde fan it lânskip sels ûntdekke kinne, want sa bliuwt it lânskip ek foar generaasjes nei jim bestean”.
Oege Hiddema fan Lânskipsbehear Fryslân hat de groep ynstruskje jûn oer it wurkjen mei seagen en oar ark. Natoergids Mirja Brandorff fan De Klyster hat de edukaasje fersoarge dizze dei.
De bern fan master Lieuwe ha op dizze simmerske dei boer Brandsma goed holpen bij it snoeien fan de elzensingels. Wat in moaie dei!
Op ‘e foto fan links nei rjochts: boer Jan Brandsma, berneboargemaster Ruben, wethâlder Aant-Jelle Soepboer