Op moandei 26 febrewaris 2024 kamen alle gemeenteamtners Frysk gear by De Klyster. In pear kear jiers treffe dizze amtners inoar en oerlizze se û.o. oer it plak fan de Fryske taal binnen it gemeentlik belied fan harren gemeente (n) en dogge se ideeen op oer harren fak.

Dizze kear joech Tryntsje van der Steege fan de Afûk in presintaasje oer sichtberens fan it Frysk. Bedriuwen en organisaasjes kinne (finansjele) help krije fan de Afûk om binnen harren organisaasje it Frysk in promininter plak te jaan troch yn it foarste plak goed sichtber te wêzen.

Dêrnei joech Marjolein Staal fan De Klyster in presintaasje oer hoe ‘t it NME-Sintrum Frysk en NME keppele hat. De yntegrale oanpak soarget foar in win-win-situaasje foar de gemeenten, mar ek foar de skoallen. It idee is dat skoallen tenei NME yn it Frysk jouwe. Sa wurkje se oan harren duorsume doelen en oan it Taalprofyl Frysk. Frysk en natuer binne ûnderdiel fan dyn identiteit en ûnskiedber ferbûn.