Tiisdei 11 maart 2025 fersoarge Marjolein Staal út namme fan de stifting Freonen fan De Klyster in pitch foar de advyskommisje fan it Iepenbier Mienskips Fûns (IMF).
De Freonen wolle graach in edukaasjeprojekt oer stinzen ûntwikkelje en freegje it IMF om finansjele stipe. Stinzeplanten hearre by regio noardeast en stean ûnder druk. Troch yn te setten op edukaasje wurde jongeren bewust fan dit griene kultuerhistoaryske erfgoed dat ferbûn is mei harren eigen leefomjouwing.
Foar it basisûnderwiis is it in oantreklik ûnderwerp, omdat it perfekt oanslút by de kearndoelen.
Stinzeplanten binne ierbloeiers, jouwe de wrâld kleur as der noch gjin bledsjes oan de beammen sitte, binne fan grutte wearde foar it bioferskaat, fertelle it ferhaal oer hoe’t eallju de stinzeplanten út Súd en Midden Europa yn ús lân yntrodusearren, en sjen litte hoe’t bûtenlânske plantsjes har hjir thúsfiele op de kalkrike seefearing dy’t bedutsen is mei in laachje humus.