Mei dit poddestuollepakket geane dyn learlingen û.o. op ’e sneup nei poddestuollen. Foar elts bern is der in natuerspeurkaart, dêr’t se op ôfstreekje kinne hokker poddestuollen se fûn hawwe. Mei de spegeltsjes kinne se ûnder de hoed koekeloere en mei de stâlloep en liniaal de poddestoel better besjen en opmjitte. Yn de ûndersyksbak kinne oare natuerskatten sammele wurde. Op namme bringe kin mei de sykkaarten.
Genietsje en sels ûntdekke en op ’e sneup nei poddestuollen en oare natuerskatten!