De leskiste Plestik Sop, giet oer plestik ôffal en hoe’t dêrtroch de plestik sop ûntstiet. De bern wurde útdage om in superheld te wurden troch by te dragen oan it ferlytsjen fan dit ôffalprobleem.
Witst dat der alle jierren mear as 8 miljoen ton oan plestik yn de oseaan bedarret? Wêr komt al dat plestik dochs wei? En hoe heart de see der neffens de bern eins út te sjen?
Mei-inoar sille de bern op ûndersyk en leare wat plestik docht mei it libben yn de see. Wa wit komme hja mei tûke oplossingen.