De leskiste ‘Jonge eintsjes’ giet oer de wylde ein. Sadree’t it yn maart in bytsje lekker waar begjint te wurden, krije ús einen alwer de kribels. Se tinke nearne mear om, se hawwe allinich mar each foar inoar. Geregeld moatst dan ek boppe-op de rem stean. Einen sjochst oeral: yn ’e greide, yn ’e stêd, yn ’e sleat en yn ’e fiver. Se binne grut en net sa skou, guon stêdsjers binne sels hielendal net benaud en in bytsje brutaal. Se snetterje, kweakje en steane op ’e kop yn it wetter en binne sljocht op ús âlde bôle.
Mar it moaiste en skattichste binne dochs wol de jonge einepykjes. Dit alles makket dat “de ein” gewoan in bytsje by ús heart. Mar hoe sjocht de dei fan de ein derút? Wêr wennet de ein. Hokker kleuren hat in ein. Hoe groeie jonge eintsjes op? De bern ûntdekke it sels mei dizze geweldich leuke leskiste!
Yn de kiste sit û.o. in opset einepykje om te aaien.