De leskiste ‘Grieme mei grûn – 7 en 8’ giet oer alles dat him ûnder ús fuotten befynt, de boaiem. Dyn learlingen geane nei foarbyld fan Jules Verne nei it middelpunt fan de ierde.
Bûten meitsje dyn learlingen mei help fan de grûnboar in meterdjip boaiemprofyl. Jim sille ferrast wêze troch alle moai kleure grûnlagen dy’st tsjinkomst. De boppeste laach wurdt ekstra bestudearre. Wat libbet yn dizze fruchtbere toplaach? De boaiembistjes wurde sammele yn in terrarium. Mei help fan identifikaasjefragen ûntdekke jim hoe ‘t it bistje hjit.
Ta beslút meitsje de bern in fotoshoot mei harren bistje en wurde alle gegevens ferwurke yn in presintaasje of in muorreposter.