Gean ris in oerke mei de bern nei de sleat mei skepnetsjes en sykkaarten en ûntdek wat jimme allegearre fange. Hokker planten en bisten komst tsjin yn, op en by it wetter? Fan elts bistje nimst ien mei nei skoalle ta foar yn it sleat-akwarium. Dit akwarium rjochtest yn mei help fan it ynfoblêd.
Ynhâld: skepnetsjes, lytse netsjes, loeppotsjes, sykkaarten, pot mei deksel, ûndersyksbakken, glêzen akwarium. Foar elts bern in dochblêd wetterbistjes en in dochblêd wetterplantsjes. Yn de gids Waterbeestjes in beeld kinne de learlingen mear ynfo oer de bistjes fine.