Wannear’t it reint wylst de sinne ek skynt, ûntstiet der in reinbôge! Dit fassinearjende natuerferskynsel is it útgongspunt fan ‘Ekspedysje Reinbôge’. Mei de fjildkiste spylje wy dat de reinbôge stikken is. Och heden, wat no? De bern wurde útdage om yn de natuer kleurkes te sammeljen, dêr’t de reinbôge wer mei reparearre wurde kin.
De bern harkje earst nei in ferhaal en geane dêrnei fuortendaliks bûten oan ’e slach. By eltse opdracht heart in houten doaske mei guod. Alle sintugen wurde ynsetten by it op in boartlike wize ferkennen fan de natuer.
Dit natuerpaad kin yn in park útfierd wurde, mar ek yn de eigen skoalomjouwing. Alles sit yn de leskiste.