leskist 62

De leskiste is basearre op de Nederlânske spylfilm “Kikkerdril”. De film foarmet de basis en de yntroduksjeles foar de lessuggestjes.

“Max giet in nachtsje útfanhûs by beppe en sil kikkertsdril sykje foar syn broer dy’t yn it sikehûs leit. Underweis komt hy Jesse tsjin, sy helpt him te sykjen. Se belibje alderhande natueraventoeren”.

Yn de lesmap steane lessuggestjes en yn de kiste sit materiaal om mei de learlingen bûten sels op ûndersyk út te gean. Sa as fisknetsjes, akwarium, fleurige kikkertsbuordsjes, plastifisearre opdrachten, ensfh.

Mei dizze leskiste belibje dyn learlingen in aventoerlike reis yn ‘e maaitiid.

Dizze leskiste is noch net beskikber yn de nije styl, mar is noch hiel goed brûkber.