Mei grutskens lit De Klyster witte dat Betty Kooistra de Johan de Jongbeam 2025 wûn hat.

Betty hat de natuerpriis fan Omrop Fryslân krigen, omdat se al jierren aktyf is op it mêd fan natueredukaasje, sawol foar bern as foar folwoeksenen.

Se begeliedt ekskurzjes, jout lêzingen en docht dat fol fjoer en passy. En dat wylst se autodidakt is, se hat gjin natuerachtergrûn kwa oplieding. Yn it fjild hat se har kennis opdien en dat is ek wat Betty by oare minsken oerbringe wol: it fjild yn om te sjen hoe moai de natuer is.

Fansels hat Betty letter opliedingen folge. Sy is offisjeel natuer -, waad – en wettergids. Ek koördinearret sy de natuergidsoplieding. Fierder is se geregeld te gast yn it programma Op & Ut fan Omrop Fryslân om har leafde foar de natuer te dielen.

Betty is al mear as 20 jier natuergids by De Klyster. Moai detail is dat Johan de Jong yn 1996 De Klyster iepene hat. Hy bleau oant syn dea lid fan it Komitee fan Oanrekommandaasje fan De Klyster. De Jong levere altyd braakballen oan De Klyster en Betty jout hjirmei braakbalplúslessen op de basisskoallen yn de klysterregio.

Op ‘e foto ûntfangt Betty (midden) de priis fan Haukje Rypstra, direkteur Omrop Fryslân. Foto: Aukje de Hoop