It Kabouterpaad is fernijd! Alana (yn’e midden) hat de âlde opdrachten yn in nij jaske stutsen en in tal nije opdrachten betocht. Us Klystergidsen Betty en Tineke (links & rjochts) stiene dit semester wer klear om de groepen 1 o/m 4 te ferwolkomjen.
Mei in kaboutermûtse op gean de learlingen op’en paad. By elke kabouter dy’t se tsjinkomme dogge de learlingen in aardige (nije) natueroerdracht. Alle sintugen wurde ynskeakele en se bewege hearlik yn’e bûtenloft.