Op tongersdei 11 july 2024 waard Hilda Buursma by it teamútstapke fan De Klyster yn it sintsje set, fanwege har 10 – jierrich jubileum as frijwilliger.

Hilda begûn yn 2014 by De Klyster as frijwillige gastdosint by it projekt: Help myn eintse ferdwynt yn it rioel. In projekt wêryn ‘t de bern learden hoe ‘t it smoarge wetter wat wy trochlûke en fuortspiele yn de rioelwettersuvering suvere wurdt troch baktearjes. Dit projekt levere har de geuzenamme POEPJUF op (oan ‘e ein fan de gastles giene de bern in nep-drol meitsjen fan ontbijtkoeke om it thúsfront te foar de gek te hâlden, mar foaral ek om thús te fertellen oer wat se leard hiene).

Fiif kear better Besich, wie ek sa ‘n topprojekt. Hilda fersoarge as frijwilliger 125 gastlessen oer hoe ‘t je as bern je stientsje bydrage kinne oan de duorsume mienskip én wat op skoalle duorsumer kin: drinkbekers mei, papier skiede, yn it skoft de ljochten út, ensfh.

Foar it projekt Underweizzz oer bermen, biodiversiteit en bijen, joech Hilda ‘ bijles ‘ en makke sy mei de bern bijehotels en siedbommen.

Hilda wie folslein oerrompele troch de huldiging: ” De tiid is omflein en ik hie net yn de gaten dat ik al sa lang by De Klyster frijwilliger bin. It is machtich om mei bern te wurkjen. En De Klyster fielt echt as in soarte fan famylje foar my. Ik hoopje noch hiel lang frijwilliger te wêzen en bern te belûken by de natuer en duorsummens “, liet Hilda witte.

En dat sit wol goed. Nei de simmerfakânsje sil Hilda gastlessen jaan oer Einekoaien. Kultureel lânskiplik erfgoed, dêr ‘t se prachtige ferhalen oer fertelt yn ‘e klasse: koaikerhûntsjes, lokeinen en it berop fan koaiker. Boppedat is der in nij projekt oer Stinzeplanten yn de maak. Gjin tiid om stil te sitten dus.

Op ‘e foto nimt frijwilliger Hilda Buursma de lokwinsken yn ûntfangst fan teamlieder Marjolein Staal. Hilda ûntfong it sulveren Klysterspjeldsje.