Bist in natuerminske? En fynst it moai om foaral bûten, mar ek op skoalle te fotografearjen? Fielst dy belutsen by de natuer en it lânskip yn Noardeast Fryslân? Hast affiniteit mei bern?
De Klyster is op syk nei in hobbyfotograaf dy’t:
– op’en paad wol mei natuergidsen en basisskoallelearlingen yn Noardeast Fryslân;
– it aardich fynt om mei bern om te gean en affiniteit hat mei natuer;
– ûnderfining hat mei fotografearjen.
Wurktiden:
Oerdeis ûnder skoaltiid. De ekskurzjes fine plak yn de maitiid en de hjerst.
De Klyster wurket mei in frijwilligersfergoeding.
Ynteresse? Nim kontakt mei ús op fia info@klyster.nl of belje nei 06 – 440 850 63