Woansdei 5 febrewaris 2025 hat Marjolein Staal tegearre mei wethâlder Maaike Prins op besite west by it Wad Werelderfgoed Centrum (WEC) yn Lauwerseach. Sy waarden rûnlaat troch projektdirekteur Ardriaan Donszelmann.
It seehûnesintrum Pieterburen sil ferhúzje nei it WEC. Yn it moderne sintrum sille tenei sike seehûnen opfongen wurde. De seehûn is in yndikator foar hoe’t it steld is mei de natuerwearden yn de Waadsee. In ynteraktive tentoanstelling oer it Waad en de ynfloed fan minsklik hanneljen sil de besiker mear ynsjoch jaan.
Mar it WEC folle mear funksjes: studinten kinne der ûndersyk dwaan, toeristen kinne ite yn it restaurant mei eigensinnige kaart en der binne konferinsjesealen en je kinne der sels trouwe.
It gebou is duorsum boud en foar in grut part opboud út recycle materialen. Sa is foar de houten bûtenkant hout brûkt fan âlde dukdalven út Kiel.
April oansteande iepenet dit yndrukwekkende gebou de doarren foar besikers. Yn de takomst sil De Klyster mei it WEC petearen fiere oer gearwurking op it mêd fan it skoaloanbod.