Moandeitejûn 27 maaie 2024 fergadere it bestjoer fan stifting Freonen fan De Klyster. Wethâlder Hanneke Jouta, kontaktamtner Harrie Siegersma fan Noardeast-Fryslân en wethâlder Gerben Wiersma fan Dantumadiel sleaten yn it begjin fan de gearkomste oan om yn’e kunde te kommen mei it bestjoer fan de stifting.

De wethâlders lieten witte dat se natuer – en miljeuedukaasje (NME) tige wichtich fine en geregeld ôfstimme mei De Klyster oangeande it NME-programma. Offalskieding en Bioferskaat neamden de wethâlders benammen as wichtige ûnderwerpen om geregeld omtinken oan te besteegjen.

It bestjoer fan de Freonen hie Jan Piet de Boer fan Landschapsbeheer Fryslân (LBF) útnûge om in presintaasje te jaan oer Stinzenflora. Stinzefloara is in aktueel ûnderwerp en is ferbûn mei libben erfgoed. Foaral yn de noardeastlike regio binne de omstannichheden ideaal: seeklaai, humus – en kalkrike boaiem binne treflike omstannichheden foar stinzefloara. Harstastate Hegebeintum, Philipusfenne Kollum, Rinsmastate Driesum, Schierstins Feanwâlden, tsjerkhôf Rinsumageast, Bolwerk Dokkum, tsjerkhôf Ternaard binne prachtige plakken om de stinzefloara te bewûnderjen. Stinzeplanten binne ierbloeiers (bollen, knollen, woartelstokken) en fungearje as fiedselboarne foar ûntweitsjende hommels en bijen. Dat is goed foar it bioferskaat. Fryslân ken gjin kastielen, mar wol stinzen en staten dêr ‘t de adel wenne. Hja ymportearren yndertiid de stinzefloara, dy ‘t ûnderwilens as ynheems beskôge wurde mei. Dr. Botke en D.T.E. van der Ploeg hawwe der foar soarge dat de stinzefloara op ‘e kaart kaam is en as erfgoed by Fryslân heart.

Jan Piet fertelde dat in soad frijwilligers belutsen binne by sawol ûnderhâld as behâld fan de unike stinzefloara. LBF soe graach ek learlingen hjirby belûke wolle. Jan Piet de Boer joech oan graach hjiryn tegearre mei De Klyster op te lûken.

It bestjoer en de wethâlders sjogge it ûnderwerp as in kânsryk edukaasjeprojekt passend by de regio en gemeentlike doelstellingen op it mêd fan lânskip en erfgoed. De kommende tiid sil de teamlieder fan De Klyster yn gearspraak mei bestjoer, wethâlders en LBF de mooglikheden ûndersykje foar in projektoanfraach.

Nei de presintaasje kaam it bestjoer gear oer û.o. it jierferslach fan de Freonen.

 

Op de foto: Jan Piet de Boer fan LBF fersoarget presintaasje oer Stinzenflora.