In ûlebol útplúzje is ofst in kadootsje útpakst. Bern binne hjir hiel konsintrearre mei dwaande en yn ‘e klasse kinst in spjelde fallen hearre!

Lekker in lesoerke braakballen plúzje em mear te witten te kommen oer de goudûle. Dochst mei mei de groep? Jou dy dan op en folje it oanmeldformulier yn.

Alle oanmelde skoallen krije yn jannewaris/febrewaris 2026 it plúspakket.

Oare ynformaasje

Krigest in braakbalplúspakket op skoalle mei: braakballen – plúskaarten – satéprikkerkes – lesbrief TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje har by opjefte ta dielname. It ferpleatsen fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land