“Gouwe ouwe”, mar noch altiten superleuke waadekskurzje by Moddergat. Lekker útwaaie oan de oare kant fan de dyk en sykje nei “the big five” fan it Waad. Wa fynt se allegearre: de krabbe, garnaal, seewjirm, moksel en it waadslakje?

Dyn learlingen sille genietsje by it jutten en sammeljen fan skelpkes, wjirms stekke en it ûntdekken fan alderhande plantsjes en bistkes. Wa doart in krabbe fêst te hâlden? En hasto nei ôfrin ek in ‘moddergat’ krigen?

In natuergids fan De Klyster giet mei dyn learlingen op waadekspedysje en fertelt ûnderweis ferhalen oer it Waad mei in kerltsje sâlt en soarget derfoar dat de bern in soad dwaan en belibje kinne. De fûne waadskatten geane fansels mei nei skoalle.

Kop yn ‘e wyn, learzens oan en lekker strune!

Oare ynformaasje

TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje harren by opjefte om mei te dwaan. Ofsizze kin net. It ferpleatsen fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar. Graach 10 minuten foar oanfang oanwêzich wêze.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

13 klimaatactie14 leven in het water15 leven op het land