Nije Klyster-aktiviteit foar groep 7 -8 “ Stinzeskatten ”

Wisten jo dat der yn Fryslân bysûndere skatten yn’e grûn sitte? In grut part fan it jier binne se ferstoppe mar yn’e betide maitiid komme se nei boppen en soargje se foar kleurepracht en iten foar ynsekten. Dit binne de Stinzeskatten of stinzeplanten. Se groeie op histoaryske lokaasjes fol ferhalen út it ferline.

Yn dizze nije Klyster-aktiviteit komme jim yn’e kunde mei dizze stinze-skatten, de histoaryske plakken dêr’t se groeie en wêrom’t se no en yn ‘e takomst wichtich binne.

Dizze aktiviteit bestiet út in gastles op skoalle, in ekskurzje nei in histoaryske lokaasje mei stinzeplanten, en natuerfotografy.

Yn’e ekskurzje leare de bern oer skiednis fan stinzen en states, ûntdekke de learlingen alles oer stinzeplanten en de natuer yn’e iere maitiid en as lêste sille de learlingen mei fotokamera’s op ‘en paad om de skjintme en kleurepracht fan’e stinzeplanten fêst te lizzen.

De aktiviteit wurdt yn’e iere maitiid holden.

 

Oare ynformaasje

De bern sille ek foto's meitsje fan de stinzeplanten. De klystergids ynformearret de learkrêft dêr by it plannen fan de data oer. TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje har by opjefte ta dielname. Ofsizze kin net. Ferpleatse fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land4. Kwaliteitsonderwijs