Fredau libbe wol hast 8.000 jier lyn by de Burgummermar. Redlef fierderop by de oerâlde rivier de Pesse del. Hoe libben hja doe? Wat ieten se? Hoe jeiden se?

Op in dei treffe Fredau en Redlef elkoar by it wetter: hy yn in beamstamkano, sy as ferskoppelinge by de wâl lâns. Mar dan bart der wat frjemds…

Yn groepkes lûke de bern de natuer yn mei in rêchsek fol ûndersyksmateriaal en opdrachten dy ‘t alle sintugen prikkelje sille.

Witte dyn learlingen aanst hokker planten en bisten se yn dy tiid ieten? Binne se noch like dapper en sterk as de minsken doe? En kinne se sels fjoer meitsje?

Krûp yn de hûd fan de jagers en samlers en lear oer de skiednis fan de oertiid!

Tip: gean nei de ekskurzje noch efkes mei de bern boartsjen yn de moaie natuerboarterstún.

 

Oare ynformaasje

Wolst noch mear witte oer Fredau en Redlef? Yn 'e hutte krûpe of in echt wylde baarch oanreitsje? Gean dan nei it Archeologisch Steunpunt yn Burgum, tige geskikt foar bern! TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje har by opjefte ta dielname. It ferpleatsen fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land