Pluk sammelet pitten en siedsjes en stoppet se thús yn potsjes en bakjes. Har broeksbûsen sitte altyd fol en wat fielt dat lekker om mei de hannen troch dy siedsjes hinne te gean. Mar och heden, har bûse skuort en dêr rôlet har skat oer de paden, en oer de grûn. En dan begjint it aventoer fan siedsjes dy’t groeie en bloeie, fan ynsekten dy’t gûnzje op blommen.
In nije meidûnsfoarstelling foar beukers fan de makkers fan De Molkwei, troch Stichting De Beweging, oer groeien en bloeien, magyske siedsjes en plukke en priuwe. Dûns, teäter en muzyk mikst ta in fantasyrike foarstelling dy’t beukers yn beweging set en dyn beukers belibje lit hoe’t in siedsje groeit.
Groeie jim mei?



