In natuerwurkdei op it hiem fan in boer yn de buert, dat is in unike ûnderfining. Learlingen sille de boer helpe mei it snoeien en seagjen fan de elzesingels. Dêrneist krije se natuer- en kreative opdrachten yn ‘t fjild.

Op skoalle joust les út de lesmap: oer it kûlisselânskip en oer wâldpiken en wêrom’t hja harren sa thúsfiele yn it smûk skaadzjend beamtegrien. Sa wurde dyn learlingen oplaat ta ambassadeur fan it lânskip.

In dei hakje en seagje by de boer. Om nea te ferjitten.

 

Sûnt 2008 ûntdekke alle jierren sa’n 1.000 learlingen harren eigen bysûndere leefomjouwing: Nasjonaal Lânskip de Noardlike Fryske Wâlden.

Oare ynformaasje

De skoalle kriget in hantlieding foar de learkrêft en learlingeboekjes. TINK DEROM: Dit projekt kriget provinsjale en gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje har by opjefte ta dielname. It ferpleatsen fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

14 leven in het water15 leven op het land