TINK DEROM: yn’e maitiid fan 2026 kin KidzKlix allinnich troch it spesjaal ûnderwiis boekt wurde!
Faak is it tichtby hûs ûnferwachts moai, mar dat moatst earst wol leare te sjen! En dat is wat KidzKlix docht. In natuerfotograaf sil mei de learlingen in útstapke meitsje om troch it each fan de kamera de natuer te ûntdekken en fêst te lizzen op de gefoelige plaat.
De learlingen begjinne mei de KidzKlix Natuerkenniswizzz en meitsje dêrnei bûten natuerfoto’s yn in natuergebiet net fier fan skoalle. Underweis fertelt de fotograaf nijsgjirrige natuerweetsjes.
Op ‘t lêst meie de learlingen harren stim útbringe op de natuerfoto dy’t sy it aldermoaiste fine. De winner wurdt oan ‘e ein fan dizze super moaie dei bekend makke en huldige.




