Ha jimme in skoaltún of wolst mei dyn klasse moestúnje op skoalle? Mar binne dyn fingers net sa grien en kinst wol wat help brûke? Mei help fan it programma Jong Leren Eten binne Fryske Moestúncoaches oplaat dy’t klear steane om dy te helpen.
Foar De Klyster binne Bertus, Jurjen, Bianca en Xantha ynsetber. Sy binne sertifisearre moestúncoach en helpe jimme graach. Moestúnadviseur Joanneke Romkema begeliedt de skoalle by it oanfreegjen fan subsydzjes en jout foarljochting oan it team en de âlden. Sy makket ek in plan oer kontinuïteit en boarging.
Yn de skoaltún as praktyske omjouwing leare bern aktyf en yn ‘e bûtenloft oer produksje fan iten, natuer, bioferskaat, klimaat en wetter. Mar ek de basisfeardichheden lykas rekkenjen en taal komme oan bod. Yn boarnen oer natuer – en duorsumensedukaasje komt de wearde en de tapassing fan skoaltunen werom.