Yn it neijier sil de natuer sliepe. Gids Annemarie komt op skoalle en fertelt earst in moai ferhaal m.h.f. hânpoppen Eki Iikhoarn, Kermit de Kikker, Eddy Stikelbaarch en Jikke Earrebarre oer de wintersliep. De bollen en knollen dogge ek in wintersliep.
De beukers geane sels bûten snieklokjes en krookjes plantsjen en tadekken mei in tekkentsje fan ierde. Lekker sliepe boltsjes… en no mar wachtsje oant de sinne yn febrewaris wer wat waarmer wurdt en de bollen boppe komme.
In super projekt, dêr’t de beukers tige fan genietsje sille.