De maitiid komt deroan! It wurdt stadichoan wat waarmer en de kikkert wurdt stadichoan wat wekker.

As de kikkert waarm genôch is komt der kikkertsdril yn de sleat. Wolst mei dyn groep meimeitsje hoe ‘t út it dril in kikkertsfiskje groeit en dêr in piiplyts kikkertsje út ûntwikkelet? Jou dy dan op foar dit moaie maitiidsprojekt.

Sa gau’t der kikkertsdril is bringt De Klyster in glêzen akwarium op skoalle mei dril en soerstofplantsjes. De lesbrief kinst brûke om edukaasje te fersoargjen. Kikkertsfiskjes fersoargje is hiel aardich en learsum.

 

PS kikkerts binne in beskerme diersoarte, mar foar edukative doelen is it tastien om kikkertsdril yn ‘e klasse op te kweken. IVN makke in moai filmke foar dyn learlingen oer de fersoarging, sjoch Extra’s.

Oare ynformaasje

wannear komt it kikkerdril? Dat witte we noait presys. Jou dy no op en sa gau't der dril is bringe wy it op skoalle. TINK DEROM: troch de hege temperatueren wurdt it nei alle gedachten twadde helte fan maart. TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje harren by opjefte om mei te dwaan. It ferpleatsen fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

06 schoon water en sanitair14 leven in het water