Natuer is oeral en yn de hjerst fynst de moaiste kleuren! Us entûsjaste natuergids nimt dyn learlingen mei op in spannende hjerstekskurzje troch it Tolhuispark yn Dokkum of de bosk by Driezum. Yn beide parken falt fan alles te sjen en te ûntdekken.
Op boartlike wize geane de bern op ‘e siik nei poddestuollen, beammen, plantsjes, bistkes en oare hjerstskatten. Ta beslút meie de learlingen noch efkes lekker klimme oer de steapel beamstammen of banjerje troch de hjerstblêden.
Twa superleuke ekskurzjes foar de jongste bern. Sukses fersekere. Sis it mar, wurdt it Tolhuispark of Driezum?