It Feankleasterbosk is al in hiel âld bosk mei prachtige hege grouwe beammen. It rûkt der hearlik as it hjerst is. Tichtby de grûn fynst poddestuollen, moazen en boaiembistkes. Under it kuierjen troch de bosk sykje de learlingen hjir nei mei spegeltsjes, loepkes en sykkaarten.
Mar der is noch folle mear te belibjen, û.o. it hartekamp, kikkerts en de klimheuvel. Dat ûntdekke de bern yn gearwurking mei de natuergids. In hearlike ekskurzje yn in prachtich bosk.
Tip: besjoch alfêst de lesbrief mei aardige suggestjes.