Elts bern in Beam!

Beammen binne net allinich hiel moai, mar ek hiel wichtich. Beammen hâlde wetter fêst, bringe ferkuolling, filterje skealike stoffen út de loft én leverje iten, libbensromte en beskerming oan minske, plant en bist. Koartsein: beammen wurkje foar in sûn klimaat!

Elts bern soe yn syn libben ien kear in beam plante hawwe moatte. De Klyster sil dêrom wer mei in tal skoallen mei de beamfeestdei beammen plantsje. Dyn learlingen krije in gastles en in wethâlder helpt mei it plantsjen fan de beammen.

Oare ynformaasje

TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje har by opjefte ta dielname. It ferpleatsen fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

13 klimaatactie15 leven op het land