Yn 2025 hawwe 11.349 bern yn Noardeast-Fryslân en Dantumadiel op natuerekskurzje west. NME De Klyster sjocht grutsk werom op in jier fol bûtenbelibbing.

By de krystbuorrel fan NME De Klyster waard it totale oantal dielnimmers bekend makke: 11.349 bern yn 2025. Ek it útliensintrum waard folop brûkt. Skoallen lienden hûndert kear in leskist of oar edukatyf materiaal. It team fan De Klyster, besteande út frijwilligers, zzp ‘ ers en bestjoer, is bliid mei de belutsenens fan safolle skoallen en bern.

Sjoch ek: Meer dan 11000 kinderen naar buiten in 2025 dankzij excursies de Klyster – RTV NOF Nieuws