Op woansdei 17 desimber 2025 fûn de tradisjonele krystbuorrel fan De Klyster plak foar it team fan frijwilligers, projektmeiwurkers en bestjoerders. Manager Bauke Zwaagstra fan de gemeente Noardeast-Fryslân wie diskear ien fan ús spesjale gasten. Hy makke fan de gelegenheid gebrûk om yn ‘e kunde te kommen mei de klystergidsen en oare belutsenen.

De krystbuorrel waard hâlden by restaurantbuorkerij de Omleiding yn Feanwâlden. Nei kofje mei húsmakke gebak begûn teamlieder Marjolein Staal mei in weromblik op it ôfrûne jier. Yn it each springende projekten en foarfallen waarden memorearre. Leafst 11.349 x giene bern mei De Klyster op ‘n paad en 99 x waard in leskist útliend.

Dêrnei fertelde de oare spesjale gast learkrêft Erik Lei oer syn passy foar de natuer en hoe’t hy dat oerbringt op syn learlingen. In moai foarbyld út syn ûnderwiispraktyk is syn projekt Soortenjacht, wêryn’t er syn learlingen útdaget om 100 soarten te finen yn it skoaljier. Erik fertelde ek hoe wichtich De Klyster is foar it ûnderwiis en benammen foar dy kollega’s dy’t krekt wat minder witte oer de natuer. Erik sil fan 2026 ôf frijwilligerswurk dwaan foar De Klyster. Hy foarmet in moaie oanfolling op it klysterteam.

Marjolein joech dêrnei in foarútblik en fertelde oer de nije projekten yn 2026 en kundige ek it 30-jierrich Klysterjubileum oan. Sippy Tigchelaar, bestjoerslid fan de Freonen fan De Klyster, ynterviewde dêrnei frijwilligers en projektmeiwurkers oer harren belutsenheid en wurk foar De Klyster. Dat smiet prachtige befleine ferhalen op, dy’t wer in plakje krije sille yn it noch gear te stallen jubileumboek. It moaiste komplimint kaam fan waadgids Peer Zaal: “De Klyster fielt as in famylje!”.

Nei it formele diel stie in hearlik buffet klear en koe elkenien wer fierder byprate. By einsluten sjogge de natuergidsen inoar net faak, want se dogge harren wurk mei bern ferspraat oer hiel noardeast Fryslân: fan Moddergat oant Feankleaster en fan de Lauwersmar oant it Bûtenfjild. En dan is it noflik om oan ‘e ein fan it jier elkoar fertelle te kinnen oer alle meimakke bysûndere natueraventoeren.

Nei ôfrin stie foar elkenien in moai krystpakket klear. It wie in slagge krystútsje.