De Klyster is hiel grutsk op natuergids fan it earste oere frijwilliger Betty Kooistra. Betty wûn de Johan-de-Jong-Beam fanwege har ynset foar natueredukaasje.
Betty keas in stoofparrebeam dy’t yn har tún pleatst is. By dit feestlike momint op sneon 22 novimber 2025 wiene kollega’s út de natueredukaasje, freonen, famylje, de sjuery en in kameraploech fan Omrop Fryslân oanwêzich. Betty Kooistra en teamlieder Marjolein Staal waarden foar it tv-programma Op en Ut ynterviewd oer de priis en de needsaak fan natueredukaasje.
Sjoch en harkje nei in kompilaasje fan de reportaazje troch te klikken op ûndersteande sin.

