Op moandeitejûn 6 oktober is oan elke basisskoalle (10) yn Wolvegea in leskist oer de Hynsteblom útrikt. Sippy Tigchelaar, bestjoerslid fan stifting Freonen fan de Klyster en it Komitee fan Oanrekommandaasje fan De Klyster organisearre dizze jûn.

De Klyster tsjinne as foarbyld foar it projekt Fryslân bloeit yn Wolvegea. Marjolein Staal fan De Klyster advisearre de Wolvegeasters oer it ûntwikkeljen fan leskisten. Op moandei 6 oktober waarden de resultaten toand. Elke kiste is in keunstwurk op himsels, beskildere troch lokale keunstners en learlingen fan skoallen en folle mei lesmateriaal oer de hynsteblom. Dit om bern yn it algemien sjen te litten hoe fassinearjend de natuer yn harren eigen omjouwing is en de wichtige rol dy’t de hynsteblom dêrby spilet.

25 Fryske doarpen dogge yn 2025 mei oan Fryslân Bloeit! Elk doarp foarmet in wike lang it episintrum fan de Fryske ferduorsuming. Mei in soad aktiviteiten troch en foar de doarpen, litte se yn harren Bloeiwike sjen hoe’t se op in duorsume wize omgean mei klimaat, mienskip, sûnens en natuer. Fryslân Bloeit is in mienskiplik inisjatyf fan Freonen fan Fossylfrij Fryslân, Stichting Duurzame Gemeenschappen en Arcadia.

It team fan Fryslân Bloeit fergrutte en stipet de krêft fan de Fryske doarpen. It doel is dat minsken sûn en lokkich âld wurde kinne yn Fryslân, yn harmony mei de natuer.