Freed 20 juny 2025 naam Gerben Wiersma ôfskied as wethâlder fan de gemeente Dantumadiel.
Gerben Wiersma hat ‘m yn syn karriêre fan goed 11 jier altyd fol ynset foar De Klyster. Wiersma fûn it hiel wichtich dat jongeren belutsen waarden by de natuer yn harren eigen leefomjouwing. Hy kaam dan ek geregeld op besite by in natuerekskurzje en liet altyd oprjochte ynteresse sjen. Ek plante er mei de Boomfeestdagen mannich beamke mei basisskoallebern.
Twa kear yn it jier fûn by De Klyster in wethâlderoerlis plak oer it gemeentlike belied op it mêd fan natuer – en miljeuedukaasje. Dizze gearkomsten wiene altyd posityf en konstruktyf.
Marjolein Staal fan De Klyster en wethâlder Hanneke Jouta namen freed ôfskied fan Gerben en betanken him tige foar de noflike gearwurking en alle ynspanning foar De Klyster.
Op ‘e foto fan links nei rjochts: Hanneke Jouta, Gerben Wiersma, Marjolein Staal. Foto Koos Scherjon