Natuer begjint ast oer de drompel stapst. Dat sille dyn learlingen sels ûntdekke mei it natuerpaad út fjildkiste Maitiid om skoalle hinne. Jim sille ûnder oare sykje nei lytse bistjes, blommen dy’t lekker rûke en genêskrêftige plantsjes. Mar ek harkje nei fûgels en ûntdekke hoe’t fûgelfearren opboud binne.
Dêrneist ûntdekke de learlingen hokker natuerlik materiaal lykas stien en hout der yn harren omjouwing brûkt is.
Hokker waar it yn de maitiid is? Dat ûndersykje de learlingen sels troch oan de slach te gean mei in termometer en in kompas.
Koartsein in leskist fol ûndersyk en ferwûndering.