Hjoed is it ôffalprojekt fan start gien foar de 2e helte fan ús basisskoallen.
Koos de Vuilnisman en kollega Anna Dotinga, sille tegearre op’en paad om gastlessen te fersoargjen oer (swalk)ôffal en recyclen. Skoallen kinne ek in Himmeldei boeke, sadat de learlingen harren skoalomjouwing frij fan swalkôffal meitsje kinne.
Anna hat har grut rydbewiis helle en kin dus sels mei de ôffalwein op skoalle komme om it guod dat fûn is ôf te fieren!