Bist in natuerminske? En fynst it leuk om bern entûsjast te meitsjen foar de natuer? Fielst dy belutsen by de natuer en it lânskip yn Noardeast Fryslân? Fynst it moai om bern in ûnferjitlike dei te besoargjen?
De Klyster is op syk nei in natuergids dy’t:
– op’en paad wol mei basisskoallelearlingen yn Noardeast Fryslân;
– it aardich fynt om mei bern om te gean en affiniteit hat mei natuer;
– somtiden ek in eigen ekskurzje betinke en útfiere wol;
– mei de bern de natuer belibje wol troch net allinne te fertellen, mar ek troch ûndersykjes te dwaan en beleefopdrachten en spultsjes te betinken.
Foar dy funksje is it Natuurgidsendiploma of in ûnderwiisfoech winsklik. De Klyster biedt de mooglikheid de natuergidsoplieding te folgjen. Dizze oplieding liedt op ta offisjeel erkend natuergids.
Wurktiden:
Oerdeis ûnder skoaltiid. De ekskurzjes fine plak yn de maitiid en de hjerst.
De Klyster wurket mei in frijwilligersfergoeding.
Ynteresse? Mail ús dan op info@klyster.nl of belje nei 06 – 440 850 63