Fergees siedpakket
Elk bern moat yn syn libben in kear sels siedde hawwe. It is in wûnder hoe’t der út in siedsje in plantsje groeit. En dat kinne we wol fertelle, mar sels dwaan is folle leuker en learsumer!
Moestúnje is hielendal yn. Siedzje fan eigen grienten is aardich en learsum. Belûk dyn bern by wêr’t har iten weikomt.
Ek oan de slach mei siedzjen? Bestel dan no ien of mear siedpakketten foar yn de grientetún of de moestúnbak.
Ynhâld siedpakket 2026
It pakket bestiet út 10 pûdsjes mei sied foar snijbyt, bynslaad, radys, kropslaad, tomaat, brokkoly, reade byt, prei, spinaazje en woartels. Oanfoljend lesmateriaal fynst hjir Educatie is theorie én praktijk | Jong Leren Eten.
Gearwurking
Rijk Zwaan stelt it sied ta beskikking yn gearwurking mei de feriening Gemeenten foar Duorsume Untwikkeling, Wageningen University & Research en Jong Leren Eten.


