Freed 5 april 2024 organisearre De Klyster y.g.m. stichting Dokkum Tulpenstad de start fan Tulpenstad Dokkum.
Dêr gie in stinzeplanteprojekt oan foarôf. Learlingen fan groep 7 fan de Eben Haezer School út Dokkum learden fan klysterprojektlieder Hilda Buursma alles oer stinzeplanten en it nut fan dizze ierbloeiers foar it bioferskaat.
Juf Hilda learde de bern yn har gastles hoe ‘t it komt dat krokussen, snieklokjes, bostulpen en oare stinzeplanten al sa betiid bloeie kinne: in bol / knol is in fiedingsbom, dus by de earste sinnestrielen kinne dizze stinzeplanten al groeie en bloeie. De bern diene sels ûndersyk nei bollen en knollen troch in sipel en in ierappel te ûntleedzjen.
Klysterjuf Hilda naam de skoalle ek mei op ekskurzje nei de Skierstins yn Feanwâlden om dêr de Stins te besjen en de rykdom oan stinzeplanten te ûntdekken. FotoBart en FotoHans fan KidzKlix joegen in fotokursus en giene mei op ekskurzje. De learlingen krigen de opdracht om stinzeplanten op ‘e foto te setten. It smiet prachtige foto’s op fan stinzeplanten en ynsekten.
Stinzeplanten hawwe kultuerhistoaryske wearde en binne ierbloeiers. As de earste hommels en wylde bijen wekker wurde út ‘e wintersliep, bloeie de stinzeplanten en kinne se hjir har iten opskarrelje. Stinzeplanten binne dus hiel wichtich foar it bioferskaat.
De iepening fan it tulpestêd Dokkum waard ek troch de learlingen fersoarge troch it plantsjen fan kultivars. Wol gjin echte stinzeplanten, mar wol blommen dy ‘t Dokkum opfleurje. Foarsitter Ger Heeringa fan Dokkum Tulpenstad hold in besiele taspraak. Wethâlder Rebecca Slijver wie ek fan de partij en ûntbleate de winnende foto.
Stichting Dokkum Tulpenstad plante earder stinzeplanten op de bolwurken fan Dokkum.
Foto: Sape Bote Schoorstra