Op 21 maart 2024, de dei dat de maitiid offisjeel úteinset, hat frijwilliger Pieter Reitsma 30 akwaria mei kikkertsdril rûnbrocht nei de skoallen yn de regio. Natuerfrijwilliger Jordan van der Maas is ús kikkertsaakkundige en soarge foar it kikkertsdril. Dit jier hat de brune kikkert hast twa wiken earder as ferline jier it kikkertsdril ôfset.
It kikkertsdrilpakket is altyd tige populêr by de skoallen. It is fansels ek geweldich leuk om yn ‘e klasse de ûntwikkeling fan dril ta piiplyts kikkerke folgje te kinnen. Gewoan lekker sjen en dy ferwûnderje. De lesbrief jout lestips.
It pakket bestiet dit jier út: glêzen akwarium, potsje kikkertsdril, soerstofplantsjes, sierstientsjes, byldsjes fan de libbenssyklus fan de kikkert, lesbrief mei wurkblêden en fersoargingsynstruksjes (op dizze webside stiet in filmke oer it ynrjochtsjen fan it akwarium ). Dit jier is ek in foarjiers-natuer-speurkaart ûnderdiel fan it pakket. Op de speurkaart stean bisten en planten ôfbylde dy ‘t op dit stuit te spotten binne. Tink oan de brune kikkert, klyster, titelroas, krookje, túnslak, holders. De learkrêft kin mei dizze speurkaart efkes lekker mei de bern nei bûten.
NB. Kikkertsdril is by de wet beskerme, mar de wet regelet ek dat it tastien is om foar edukative doelen kikkertsdril yn ‘e klasse te hâlden.
Op de foto frijwilliger Pieter dy ‘t de pakketten rûnbringt troch regio Noardeast Fryslân.