‘t Landje is in lyts paradys flakby Dokkum. Kinst der hearlik omdrave, mar ek even hiel stil genietsje. Om in âld hôf hinne is in nij natuerbeleefpaad oanlein.

Tsien doch-opdrachten steane ferspraat oer it terrein. De bern sille ûnder oare lytse bistjes fange, blommen en fruchten sammelje en op boartlike wize leare dat it fretten fan bisten en minsken út de natuer komt.

Ta beslút sille jimme krûdebûter meitsje mei farske krûden en ytbere blommen. De yngrediïnten plukke de bern sels.

Kom mei-inoar útfinen hoe ‘t ferskillende planten en bisten mei-inoar libje op ‘t Landje!

 

De Klyster wurket yn dit projekt gear mei stichting ‘t Landje.

Oare ynformaasje

TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje harren by opjefte om mei te dwaan. It ferpleatsen fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.